Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm

dinsdag 15 januari 2019

Tomke hat in nije webside! Alle ynformaasje oer Tomke en ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes foar pjutten binne no te finen op dizze frisse, nije side. Ek is der in hagelnije Tomke App, dêr’t bern op telefoan of tablet boartsje kinne mei Tomke en Romke. Derneist is der in ‘Tomketeek’, spesjaal foar professionals dy’t mei pjutten wurkje. Op dit digitale platfoarm binne alle materialen fan Tomke en oar Frysk materiaal foar pjutten sammele.

Tomke webside
Alles wat jim fan Tomke witte wolle en noch folle mear is no te finen op de fernijde webside www.tomke.nl. Ynformaasje oer de achtergrûn en de dêrby belutsen organisaasjes bygelyks. Mar ek in oersjoch fan alle aktiviteiten en produkten fan it Tomke-projekt. Fierder is dêr fan alles te finen foar âlders en bern dy’t thús mei Tomke oan ‘e slach wolle: ynformaasje oer taalstimulearring, mar ek spultsjes, ferhaaltsjes, ferskes en kleurplaten foar pjutten.

Nije App
Neist de fernije webside hat Tomke ek in nije app! Yn de app kinst ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-fimkes besjen. Download de Tomke-app – foar tablet en telefoan- fergees yn de App store of Google Play Store, en boartsje moai mei Tomke en Romke mei!

Tomketeek
Foar professionals dy’t wurkje mei jonge bern is der de Tomketeek. Op dit digitale platfoarm binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema’s is in ferskaat oan materialen te finen om te brûken yn de pjutte-opvang, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, fimkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Op de nije webside www.tomke.nl stiet mear ynformaasje oer de Tomke teek ûnder it tabblêd ‘Tomke foar professionals’. In ynlochkoade kin fergees oanfrege wurde fia ynfo@tomke.nl

Oer it Tomke projekt
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.

It jierlikse Tomke-tydskriftke dat by de Fryske Foarlêswike fergees útdield wurdt oan alle pjutten yn Fryslân, is ek alle jierren yn in beheinde oplage beskikber yn it Stellingwerfsk en it Biltsk.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm · Foto('s): Eigen foto's
Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio